Kompetysje omloop 8
Verliene wike freed wiene er trije keatser op it fjild die dit jier noch net mei it kompetysje keatsen mei dyn hawwe, dat wiene Jelmer en Albert Jonker en Hans de Boer.
Dat dizze trije noch net mei dien hawwe wie net te sjen. It wie suver in demonstraasje partij. Hans keatste mei Martin en Albert tsjin Jelmer vd Valk, Jelmer Jonker en Jouke Wiersma oftewol de 3 J's.
It wie in prachtige striid mei in protte tuskenspul en mei moaie útspraken sa os: 'Do bist krekt in Fryske klok, slachst mar ien kear yn it oere.' De punten waarden moai ferdielt en de earsten gongen gelyk op. De stân lit it ek sjen, mei 5 earsten gelyk en 6 gelyk gong de winst nei it partoer fan Hans.
Hans, Albert en Martin -> Jelmer, Jelmer J en Jouke 5-5/6-6 mei winst foar Hans
Geplaatst op 03 July 2015